Wij zorgen ervoor
|
| Zaal open | 19.00 uur |
| Aanvang | 19.30 uur |
| Leeftijd | 8+ |
| Entree | € 15,00 |
| Freon | € 14,00 |
| 65+ | € 14,00 |
| 8 - 18 jaar | € 11,00 |

In famyljefoarstelling, fol spanning, aventoer en bysûndere personaazjes
It geheim fan ‘e Kânselier is in spannend ferhaal oer in jonge dy’t op syk is nei syn heit. En dy’t ûnderweis fan alles en noch wat tsjinkomt… Foaral himsels.
Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardigst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardigst lân, dêr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang leafdefol regearret oer jong en âld en elkenien. Teminsten, sa liket it…
Keimpe is syn heit kwyt. Mar gjinien dy’t der wat fan ôf wit of witte wol.
As Keimpe lykwols beslút om syn heit te sykjen, stapt hy yn in grut aventoer. Syn syktocht is gefaarlik. Underweis komt er yn ‘e kunde mei opstannich merkefolk; dêr hast bygelyks de baas fan de sjittinte en syn dochter… Bringe dizze nije freonen him no tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat.
| script | Peter Sijbenga, Bram de Goeij |
| regy | Bram de Goeij |
| dramaturgy | Tamara Schoppert |
| spul | Jan Arendz, Laila el Bazi, Arnold Dijkstra, Nynke Heeg |
| muzyk | Piter Wilkens, Peter Sijbenga |
| dekôr en kostúms | Johan Klijn, Annemarie Klijn |
| ljochtûntwerp | Paul van der Laak |
| lûdûntwerp | Remko Smits |
| kap/grime | Arjen van der Grijn |
,
De Buitenplaats
Koaidyk 8
9264 TP Earnewâld
T: +31 (0)511 53 98 08
E: info@de-buitenplaats.nl